Plysje plant nije sykaksje Mud

01 mrt 2010 - 15:36

Der komt oer in pear wiken wer in sykaksje nei de fermiste Adolf Mud út Drachten. In grutte sykaksje smiet sneintemiddei neat op. Mei in pear speurhûne-brigades is nei de man socht yn it Lauwersmargebiet.

De auto fan Mud waard trije wike lyn oan de Grinslanner kant fan it gebiet fûn. De speurhûne-brigades dy't snein ynset binne diene dat op frijwillige basis. Yn guon gefallen jouwe de famyljeleden fan in fermiste persoan hjir in fergoeding foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)