Buertauto Boalsert grut súkses

01 mrt 2010 - 14:26

It buertautoprojekt yn Boalsert is sa'n grut sukses dat der meikoarten in nije auto bykomme moat. Sûnt april 2009 meitsje seis húshâldings út Boalsert gebrûk fan de buertauto.

Undertusken is dit tal al ferdûbele oant 12. De auto kin troch alle minsken brûkt wurde dy't in abonnemint hawwe. Se reservearje in tiid en betelje allinnich as se de auto brûke. Dat skeelt al gau in goeie hûndert euro yn de moanne. De nije auto kin der binnen in pear wiken wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)