Undersyk nei brân Triton

01 mrt 2010 - 12:16

De plysje is drok dwaande út te sykjen hoe 't snein wettersportbedriuw Triton yn Grou troch brân ferlern gean koe. Dêrby wurdt ek sjoen oft de geruchten oer in weedkwekerij yn de loads oan de Stasjonswei wier binne. Moandei wie de plysje earst dwaande op in oare lokaasje fan it bedriuw yn Grou.

Dêrnei komt der noch in technysk ûndersyk. Triton wie spesjalisearre yn sloepen en wettersportklean. Nêst it bedriuw sit in benzinepomp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)