Frou ferwûne nei botsing beam

01 apr 2012 - 12:50

In autobestjoerster út de gemeente Opsterlân is sneontemiddei slim ferwûne rekke doe't se op de Skieding by Fryske Peallen frontaal op in beam botste. Se ried yn de rjochting fan de A7. De brânwacht fan Oerterp hat de frou út de auto helle. Meiwurkers fan de traumahely hawwe op it plak fan it ûngelok earste help ferliend. Dêrnei is se mei de ambulânse nei it sikehûs fan Grins brocht.

Hoe't it koe dat se oan de linkerkant fan de dyk tsjin de beam bedarre, is noch net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok plysje ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)