Ljouwert: ferkearsbuorden PAL

01 mrt 2010 - 09:08

Yn de binnenstêd fan Ljouwert hingje sûnt snein 'ferkearsbuorden' dy't dúdlik meitsje dat ferkear der mar tritich kilometer yn de oere ride mei.

It giet om in aksje fan de politike partij PAL/GrienLinks yn it ramt fan de gemeenteriedsferkiezings. Yn de binnenstêd fan Ljouwert jildt in maksimum snelheid fan tritich kilometer de oere, mar neffens PAL/ GrienLinks wurdt dat net dúdlik genôch oanjûn. De partij hat dêrom sels mar ferkearsbuorden ophongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)