Wettersportbedriuw útbaarnd

01 mrt 2010 - 03:02

By in grutte brân yn Grou is sneintenacht wettersportbedriuw Triton oan de Stasjonswei folsein yn flammen op gien. Om goed alve oere jûns kaam de earste melding by de brânwacht binnen, mar mei troch de hurde wyn wie der al gau gjin rêden mear oan.

De brân soarge foar in protte reekûntwikkeling. Neffens de brânwacht sieten dêr gjin gefaarlike stoffen yn, mar dochs binne de bewenners warskôge om ruten en doarren ticht te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)