Kontrôle op rallyfiskjen

28 feb 2010 - 14:21

De plysje hat sneon yn Súdwest-Fryslân kontrolearre op rallyfiskjen. Dêrby wurdt fisk libben yn pûden smiten wêrnei't se stadich deagean. In man (50) út Stadskanaal en ien fan 46 jier út De Pein hiene gjin angelpas by harren en krigen in proses-ferbaal. De kontrôles wiene yn Sleat, Balk, Boalsert en Snits.

Meikoarten komme der mear rallyfiskkontrôles. By dizze aksje wurke de plysje gear mei in kontroleur fan angelsportferiening Makkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)