Ferkearsboerdfernielers pakt

28 feb 2010 - 13:57

Fandalen hawwe sneontenacht in bekeuring krigen foar it fernielen fan ferkearsbuorden oan 'e Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean.

De plysje hâlde de dyk yn 'e gaten omdat de ôfrûne wykeinen alle kearen ferkearsbuorden omdraaid of omgoaid waarden. Dertroch wiene se der gau by doe't de manlju út Drachten, Grins en Biddinghuzen út it sintrum weikamen. Trije fan harren pakten in stek op en setten it midden op 'e dyk. Boppedat wiene ferkearsbuorden omsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)