Brân yn fakânsjehúske

28 feb 2010 - 13:36

In fakânsjehúske op Skiermûntseach hat sneontemoarn flink wat skea oprûn by in brân. It fjoer yn 'e wente oan de Swarte Dunewei is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting.

De plysjes fan it eilân wiene der as earsten by. Se brutsen de doar fan it hûs iepen omdat der mooglik noch minsken yn 'e hûs wiene. Dat wie net it gefal. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)