Museum De Jouwer ferboud

It museum op De Jouwers set moandei mei in ferbouwing út ein. Fan ien fan de gebouwen wurdt in ambachtswurkplak en in eksposysjeromte makke. Der komt in glêzen wand sadat it publyk de ambachtslju oan it wurk sjen kin. It museum siket noch startende ûndernimmers foar it wurkplak.
De ferbouwing moat yn april klear wêze. It ambachstwurkplak past yn it stribjen om fan De Jouwer in 'ambachtsplak' te meitsjen.