Pop-oefenromte yn slachthûs

It âlde slachthûs yn Snits (foto www.sneek.nl)
Popmuzikanten yn Snits en omkriten hawwe tydlik in nije oefenromte. Se kinne tenei repetearje yn it âlde slachthûs op it yndustryterrein. It nije ûnderkommen is bûten de gemeente om gien. Sadwaande moat noch bliken dwaan oft de romte ek foar langere tiid te beteljen is foar de muzikanten.
Nei de sluting fan 'e popkelder oan 'e Lemmerwei kamen mear as tweintich bands op strjitte te stean. Fan de nije romte by de eardere Geeuwbrêge is oant no ta neat fan op 'e hispel kaam.