'Underhâld brêgen stiet faai'

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal yn Burgum
Grutte skippen hâlde mooglik noch jierren lêst fan smelle brêgen en slûzen op it PM-kanaal tusken De Lemmer en Delfsyl. De provinsje is benaud dat de ôfspraken mei it Ryk om it kanaal te ferbetterjen faai komme te stean. It Ryk hat in soad jild tasein, mar deputearre Adema hâldt der rekken mei dat it net trochgiet, no't it kabinet fallen is.
Underhâld oan 'e brêge fan Burgum en fernijing fan de Margrietslûzen by de Lemmer binne ûnderdiel fan 'e plannen.