Sven net nei NK Allround

28 feb 2010 - 10:26
Foto: Omrop Fryslân

Sven Kramer docht takom wykein net mei oan it NK Allround yn Thialf. Dat hat er sneon sein nei't er op de Olympyske Spelen brûns wûn hie yn de ploege-achterfolging. De Nederlânske manlju wûnen fan Noarwegen.

Kramer wol nei de Spelen earst eefkes rêst. Dielname oan it NK Allround is foar de 23-jierrige reedrider gjin needsaak, omdat er al wis is fan it WK Allround. Kramer krijt in startplak foar dat toernoai fanwege syn earder behelle Europeeske titel.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)