Befeiligers pakke SP-er

27 feb 2010 - 14:05

Befeiligers fan Balkenende ha de Fryske SP-lieder Ad_van_de_Kolk sneon oermastere fanwegen in protestboerd. De premier wie yn Ljouwert op kampanje. Op it boerd fan Van de Kolk stie: Balkenende leugenaar Irak. Hy soe hinderlik demonstreard ha, seit de plysje. Trije befeiligers ha him pakt.

De plysje naam him mei in steech yn en frege om syn ID-kaart. Van de Kolk is net oanhâlden, mar wol poerlilk. Hy fynt dat de premier syn befeiligers brûkt om protesten te ferhinderjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)