Utslach ferkiezings live

Yn Ljouwert is de útslach fan de gemeenteriedsferkiezings live te folgjen. Fia de webside liveuitslag.nl wurde live-bylden fan de byienkomst nei it sluten fan de stimlokalen en de presintaasje fan de earste útkomsten útstjoerd.
Ferslachjouwers fan de webside sitte neist de riedsgriffier. Mei in kaart fan de stêd soe ek de útkomst yn de wiken te folgjen wêze moatte. De webside is as proefprojekt troch de gemeenten betocht.