Jonges stelle tas; frou falt

27 feb 2010 - 12:24

In 75-jierrige frou út Ljouwert is freedtejûn sa hurdhannich fan har taske berôve dat se ferwûne rekke. Op de Frans van Mierisstrjitte hearde se ien draven en waard oan har tas lutsen.

De frou rekke út balâns en foel op strjitte. Se rekke ferwûne oan har gesicht. Trije jonges draafden fuort mei har taske. Omstanners holpen de frou en bellen de plysje. De frou is nei de dokter brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)