CD-show Elske útferkocht

27 feb 2010 - 10:10

Poppoadium Romein yn Ljouwert wie freedtejûn te lyts foar de fans fan sjongeres Elske DeWall. Dêr waard it earste eksimplaar fan har debútalbum Balloon over Paris presintearre. Kabaretier Jan Jaap van der Wal oerlange dy oan DeWall.

Hûndert fans moasten nei hûs stjoerd wurde, omdat it optreden útferkocht wie. DeWall bringt har cd út by platemaatskippij Universal. Foar de kommende tiid hat se in toer lâns clubs troch Nederlân op it programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)