Sven Kramer: ien kear goud

26 feb 2010 - 23:36

Dêr't Sven_Kramer foarôfgeand oan de Olympyske Spelen rekkene hie op twa of trije gouden medaljes, bliuwt it by ien. Allinnich op de 5 kilometer makke Kramer syn favoriterol wier.

De 10 kilometer einige troch in ferkearde wiksel yn in drama en op de 1500 meter einige hy kânsleas op it 13e plak. Kramer hope noch goud te heljen op de achterfolging, mar yn de heale finale waarden de Nederlânske manlju útskeakele. Kramer wie dan ek bot teloarsteld nei ôfrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)