Eksplosyf yn Ljouwerter wetter

01 apr 2012 - 12:23

De plysje meldt snein oan it begjin fan de middei dat in eksplosyf oantroffen is yn it wetter oan de Westersingel. Der mei net mear fearn wurde. De EOD, Explosieven Opruimings Dienst, is ûnderweis. De plysje tinkt dat de minsken fan de EOD der om in oere as twa binne. De plysje hâldt omwenners op ôfstân. Yn in straal fan 100 meter om it objekt hinne mei net ien komme. Oft der ûntromme wurde moat, hinget fan it oardiel fan de EOD ôf. It soe om in 1 aprilgrap gean kinne, mar de helptsjinsten nimme de melding serieus en nimme gjin inkel risiko.

De plysje wachtet noch altyd op de eksperts fan de oprommingstsjinst. Dy wurde om goed healwei trijen ferwachte. Underwilens geane de tariedings troch foar in eventuele ûntromming yn in straal fan 300 meter. De minsken moatte dan opfongen wurde, dat soe mooglik it WTC yn Ljouwert wêze kinne. De plysje hat ek resjerzjeurs op de saak set om te ûndersykjen oft ien it projektyl mooglik yn it wetter smiten hat. Boargemaster Crone is ek op it plak oankaam.

Trefwurden: 
Ljouwert bom eksplosyf EOD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)