Nederlân ferliest fan Amearika

26 feb 2010 - 23:30

De Nederlânske ploech op de achterfolging is op de Olympyske Spelen yn de heale finale útskeakele troch Amearika. Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Mark Tuitert koene it net oprêde tsjin Hedrick, Hansen en Kuck.

De ôfrûne jierren wie Nederlân dominant op de ploege-achterfolging, mar dat kaam der yn Vancouver net út. Nederlân rydt sneon om it brûns tsjin Noarwegen. De finale giet tusken Amearika en Kanada.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)