Flyers útskeakele troch Geleen

26 feb 2010 - 22:50

De iishockeyers fan de Hajé Flyers binne útskeakele yn de play-offs om it lânskampioenskip. Nei it 4-2 ferlies yn Geleen fan 'e wike, wie Geleen freed op It Fean mei 4-3 te sterk.

Nei de earste perioade wie it noch 0-0 mar yn de twadde perioade kaam Geleen op 0-2. Tommy Speel die dêrnei wat werom foar de Flyers, mar Geleen rûn toch wer út nei 1-4. Paul Vincent (penaltyshot) en Jamie Visser brochten de stân op 3-4 mar der wie net genôch tiid om de lykmakker noch te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)