Animo startersfûns lyts

De animo fan startende ûndernimmers yn de gemeente It Bilt om gebrûk te meitsjen fan stipe út it Bilts Startersfûns is noch net hiel grut. It fûns is opset troch de gemeente, twa Fryske banken en in regionale wenningkorporaasje.
Doel is mei de 260.000 euro dy't partijen yn it fûns stopje, lienings te jaan oan startende ûndernimmers. Tongersdei ha de earste twa ûndernimmingen elk fiif tûzen euro út it fûns oerlange krigen.