Coelen nije direkteur Stenden

26 feb 2010 - 15:06

Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hat Robert Coelen beneamd ta direkteur Ynternasjonalisearring. Coelen moat de bûtenlânske kampussen fan de hegeskoalle fierder útbouwe.

De nije direkteur hie de ôfrûne fiif jier deselde funksje oan de Universiteit fan Leiden. Stenden hat meardere njonkenfestigingen yn it bûtenlân, ûnder oare yn Súd-Afrika en Thailân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)