Popov passearre tsjin Heracles

Goran Popov makket te folle fouten
Hearrenfeanspiler Goran Popov is syn basisplak kwyt. Hy sil net begjinne yn de wedstriid fan sneon tsjin Heracles. Michel Breuer sil plaknimme op de linksback. Michael Dingsdag spilet dan sintraal yn de ferdediging.
Ek Michal Papadopulos begjint wer ris yn de basis. Yn in 4-4-2 opstelling begjint hy yn de spits tegearre mei Gerald Sibon. Ek Filip Djuricic mei wer yn de basis begjinne. Keeper Brian Vandenbussche en Michal Svec binne noch hieltyd blesseard.