Plysjekontrôle kofjeshops

26 feb 2010 - 11:32

De plysje hat tongersdeitemiddei en -jûn trettjin kofjeshops yn Ljouwert kontrolearre. De plysje woe ûnder oaren witte oft der besikers jonger as 18 jier oanwêzich wiene, oft der harddrugs ferkocht waarden en oft der oerlêst wie.

Yn seis kofjeshops waard reklame makke wylst dat net mocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)