Himpkwekerij yn Drachten

26 feb 2010 - 11:27

Yn Drachten hat de plysje tongersdeitemiddei by tafol in himpkwekerij ûntdutsen. Plysjes brochten by de wenning fan in 52-jierrige man in telefoankaart dy't de bewenner earder kwytrekke wie.

By de aksje waard troch de plysje yn in sliepkeamer himp sjoen. De kwekerij mei sa'n 70 planten is yn beslach naam en it guod is ferneatige. Tsjin de kweker sels is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)