Auto oer kop op strân Skylge

In 19-jierrige frou út Wijk aan Zee is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in auto-ûngelok op it strân fan Skylge. De frou siet mei in 21-jierrige eilânbewenster en noch twa oaren yn in auto. Se makken in tocht oer it strân doe't ynienen de auto in tal kearen oer de kop fleach. De frou út Wijk aan Zee rekke dêrby ferwûne en is nei it sikehûs brocht.
De auto is yn beslach nommen en sil troch de plysje technysk ûndersocht wurde.