Stellende Roemenen pakt

26 feb 2010 - 10:16

Yn Ljouwert hat de plysje tongersdeitemiddei mei help fan befeiligingspersoniel trije Roemenen oanhâlden. Yn winkelsintrum De Centrale hiene de manlju yn in winkel op de audio-ôfdieling in tal ferpakkingen iepenmakke. Doe't se de kassa foarby rûnen, waarden se tsjinhâlden troch befeiligers.

Nei ferhoar op it plysjeburo is proses-ferbaal opmakke en dêrnei binne de Roemenen wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)