Fergoedingen stimburoleden

26 feb 2010 - 09:28

Skiermûntseach betellet syn stimburoleden woansdei in fergoeding fan 240 euro. Mei dat bedrach stiet de Waadgemeente op it alfde plak yn in ûndersyk fan it deiblêd AD. Dat die ûndersyk nei de fergoeding dy't leden fan de stimburo's krije. Goed 300 gemeenten hawwe meidien.

De trochsneedfergoeding leit op 136 euro. Leidschendam-Voorburg betellet syn stimburoleden it bêst. Sy krije in fergoeding fan 300 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)