Jorrit Bergsma wint yn Breda

Jorrit Bergsma (foto: KNSB)
Jorrit Bergsma hat tongersdeitejûn de twadde maraton fan de trijedaagse wûn. Yn Breda wie de reedrider út Aldeboarn wer ris oppermachtich. As iennichste naam de nasjonaal kampioen op natueriis in rûntsje foarsprong op it grutte peloton. Ingmar Berga, in dei earder winner yn Grins, wûn de sprint fan it peloton. Bob de Vries waard fiifde.
Yn de tuskenstân hat Berga ien punt foarsprong op Bergsma. Bob de Vries stiet tredde.