Ferkearskontrôle by Eastersee

Ferskate opspoaringstsjinsten ha tongersdei in grutte ferkearskontrôle hâlden op de A6 by Eastersee. Dêrby waarden bynammen agraryske transporten kontrolearre, 150 yn totaal. Sa seach de dûane dat 21 fan de 71 eurofinjetten fout wienen.
De AID ûntduts dat by ien frachtwein de ferfiersdokuminten ûntbrutsen, de sjauffeur krige dêrfoar proses-ferbaal. Yn ien feewein hienen de kij boppeyn te min romte.