Heide by Duerswâld ôfsletten

De Duerswâldster heide
Steatsboskbehear hat in diel fan it natuergebiet Duerswâldsterheide by Bakkefean ôfsletten. Yn it diel rinne goed hûndert skiep dy't ynkoarten begjinne te lamjen. Yn ferbân mei de Q-koarts binne inkelde paden tichby it gebiet foar publyk ôfsletten.
De ôfsluting is in tydlike maatregel. Der binne gjin oanwizings dat de skiep besmet binne mei de Q-koarts-baktearje.