Ferbou CSG Liudger set út ein

25 feb 2010 - 16:00

Skoallemienskip Liudger is begûn mei de oanbesteging foar de nij- en ferbou fan de skoalgebouwen oan de Raai en de Splitting yn Drachten. De âlde gebouwen fan it Ichtus College en de eardere LTS gean om. De ôfrûne jierren is ek nijboud op de twa plakken. De nije dielen wurde dêr oan fêstboud.

CSG Liudger hopet dat de bou as de oanbesteging goed giet fan 't hjerst út ein sette kin. Der wurdt noch socht nei tydlike húsfesting foar learlingen en dosinten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)