'Piip ôffaloven heech genôch'

De skoarstien fan de ôffaloven REC yn Harns hoecht net heger te wurden, seit Omrin. De ôffalferwurker hat de berekkenings oer hoe't de reek him ferspriedt opnij dwaan litten. De heechste gebouwen yn 'e omkriten binne no meinaam. Sy kinne ynfloed hawwe op de fersprieding. Tsjinstanners tinke dat de piip heger moat. Dêrfoar moat it bestimmingsplan oanpast wurde. Dat soe de bou fan de oven noch keare kinne, hoopje de tsjinstanners.