Legere straf foar oplichter

It gerjochtshôf yn Ljouwert
De Drachtster dy't minsken in miljoen euro oan jild ûnfytmanne hat, hat in legere selstraf krige. De man wie troch de rjochtbank feroardiele ta fjouwer jier sel. Hy is yn heger berop gien en it hôf hat no besletten ta in legere straf fan trije jier.
No't de útspraak fan it hôf der leit, wurdt de ferlofoanfraach fan de oplichter yn behanneling naam. Oer it fersyk is in soad kommoasje ûntstien ûnder de slachtoffers. Se wolle de man net tsjinkomme.