IIsklups: net folle ynkomsten

Fryske iisklubs binne finansjeel net folle foarútbuorke mei de winter fan it ôfrûne jier. De kosten foar de measte ferienings wiene heech om't der in soad snie lei en de banen hieltyd wer skjinmakke wurde moasten.
Dêr stiet foaroer dat der net folle lange toertochten makke binne. Ut de ynskriuwkosten helje de klups altyd in soad jild. Boppedat hawwe toertochten ek lêst fan swartriders, dy't wol meiride mar net betelje.