Bouplan Steens giet troch

Stiens krijt der mear as hûndert nije huzen by. Nei tsien jier fan oerlis giet wenningbouplan De Steens dochs troch. De gemeente Ljouwerteradiel krijt dêrfoar 105 kontinginten fan buorgemeente Ljouwert. It giet om keap-en hierhuzen yn 'e sosjale sektor. Dêr is fraach nei yn beide gemeenten. Yn De Steens is ek romte foar in bernebuorkerij en rekreaasjefasiliteiten.
Ljouwert kin dêrnjonken noch trijehûndert sosjale wenten bouwe.