Ruten ynsmiten yn Elslo

25 feb 2010 - 11:13

De plysje is op syk nei trije jonges tusken de acht en de trettjin jier dy't woansdei yn Elso nochal wat ruten ynslein hawwe. In tsjûge seach dat de trije de ruten fan in gebou oan Het Zuid ynsmieten. Letter die bliken dat fan ien gebou twa ruten stikken wiene, mar fan in oarenien wol fyftjin.

De jonges binne nei alle gedachten yn de rjochting fan Zorgvliet fuotfytst. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)