Ynheemske bisten no legaal

Reeën tenei legaal yn Fûgelhelling
De Fûgelhelling yn Oerterp mei tenei legaal ynheemske fûgels en soochbisten opfange It ministearje fan LNV hat dêr in ûntheffing foar jûn.
De ôfrûne 35 jier waard it opheinen fan bisten lykas havikken, wylde einen en reeën yn Oerterp troch de fingers sjoen. Nei jierren fan oerlis is it no offisjeel tastien. De Fûgelhelling hopet dat fûnsen no mooglik earder finansjele stipe jaan wolle.