Soad fytsers op de bon

25 feb 2010 - 10:03

De plysje hat fan 't winter yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân in hiel soad fytsers op de bon slingere, omdat se sûnder ljocht fytsten. Tusken oktober en ein jannewaris krigen mear as achthûndert minsken in bekeuring. De measte bonnen waarden útdield yn Drachten, te witten 571.

De plysje kontrolearre benammen moarns en op útgeansjûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)