Knegt: "Warming-up wie al min"

25 feb 2010 - 04:50

Sjinkie Knegt tocht nei de útskeakeling op de 500 meter dat der wat mis wie mei syn materiaal. De Bantegeaster waard op grutte efterstân riden en tocht dat syn redens net goed wiene. Nei kontrôle die neffens Knegt bliken dat der neat mis wie.

"Al tidens de warming-up gie it net goed. Ik tocht dat myn redens net goed wiene, mar dat wie net sa." Knegt baalt, mar bliuwt nuchter: "Ik sliep hjir jûn echt net minder om hear."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)