Knegt klear yn Vancouver

25 feb 2010 - 04:45

Shorttracker Sjinkie Knegt is útskeakele en komt fierder net mear yn aksje op de Olympyske Spelen yn Vancouver. Knegt waard op de 500 meter fjirde en lêste yn syn heat en hat dêrtroch de kwartfinale net helle.

Knegt syn start wie al net goed. De Bantegeaster lei noch efkes tredde, mar sakke doe hielendal fuort en waard op grutte ôfstân riden. De oare Nederlânner, Niels Kerstholt, helle wol de kwartfinale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)