Elma de Vries: 5000 m. te lang

24 feb 2010 - 22:54

Elma de Vries hat op it Olympyske iis fan de Richmond Olympic Oval in teloarstellende 5000 meter riden. Oant 3000 meter gong it goed mei de âld-ynwenster fan De Haule. Dêrnei wie de gong derút en waard it ien grut lijen. Elma kaam út op it alfde plak mei 7.16,68, wylst har persoanlik rekôr op 7.02,48 stiet.

Martine Sábliková wûn it goud yn 6.50,91. Stephanie Beckert mei 6.51,39 it sulver en Clara Hughes mei 6.55,73 it brûns.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)