Kramer en Wüst nei WK

Sven Kramer selektearre foar WK-allround
Sven Kramer, Ireen Wüst, Diane Valkenburg en Jan Blokhuijsen binne troch it reedridersbûn al selektearre foar it wrâldkampioenskip allround dat healwei maart yn it Thialf stadion op It Hearrenfean holden wurdt.
Kramer fertsjinnet syn WK-plak op basis fan de Europeeske titel. Wüst pleatst har nei oanlieding fan har gouden plak op de 1500 meter by de Olympyske Spelen yn Vancouver. De oare beide riders binne selektearre op basis fan it hiele seizoen.