Boubedriuw Adema fallyt

24 feb 2010 - 20:59

Boubedriuw en betonrenovaasje Adema yn Ljouwert is fallyt. De 22 meiwurkers komme hjirtroch op strjitte te stean. It bedriuw is yn de problemen kaam troch de resesje. Yn 2006 hie Adema it al dreech, in reorganisaasje hâlde de saak oerein.

Troch flinke tsjinfallers yn ûnder oaren it bouprojekt Blitseard by Ljouwert gong it no wol mis. In modelwenning waard net ferkocht, wêrtroch it bedriuw in protte eigen fermogen ferlear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)