Kramer wol fierder mei Kemkers

24 feb 2010 - 20:37

Reedrider Sven Kramer wol fierder gean mei coach Gerard Kemkers. Dat hat Kramer woansdei witte litten. Hy fynt dat er in soad wûn hat troch Kemkers. Bygelyks trije wrâldtitels, fjouwer Europeeske titels en fansels goud op de fiif kilometer yn Vancouver.

Kemkers stjoerde Kramer tiisdei op de tsien kilometer nei de ferkearde baan. Hjirtroch waard Sven Kramer diskwalifisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)