Probleem ljochten Burgum oer

24 feb 2010 - 15:41

De problemen mei de saneamde griene golf yn Burgum binne oer. De ynfiering soarge foar flinke problemen. Doel fan in griene golf is dat it trochgeande ferkear trochride kin en dat fuotgongers goed oerstekke kinne. Nei de ynfiering ûntstiene der geregeld files. Guon ferkearsljochten hâlden der spontaan mei op om't de ljochten net fan deselde fabrikant binne.

De wachttiden foar de ljochten by Quatrebras en Sumar bliuwe noch wol lang. Dêr wurdt nochris nei sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)