D66 wer yn Fryske polityk

24 feb 2010 - 15:22

D66 komt mei 1 of 2 sitten per gemeente yn de Fryske gemeentepolityk. Dat tinkt fraksjefoarsitter Pechtold. De partij docht yn 11 Fryske gemeenten mei oan de gemeenteriedsferkiezings.

Woansdei wie Pechtold op It Hearrenfean en yn Ljouwert om kampanje te fieren. By de ferkiezings fan fjouwer jier lyn waard D66 fan de polityke kaart fage yn Fryslân. Neffens de lokale listlûkers kin de kabinetskrisis in posityf effekt op de risseltaten foar de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)