Tryater spilet yn in tinte

24 feb 2010 - 14:27

Tryater spilet de foarstelling Diplodocus Deks op It Hearrenfean yn in tinte. It stik, dat ûnderdiel is fan it festival It Brûst, past net yn it Posthuis Theater.

Der soe útwykt wurde nei Sportstad Heerenveen, mar der is keazen foar in tinte op it Burgemeester Kuperusplein, fanwege de sintrale lizzing fan dit plein. De tinte is 40 by 20 meter lang en sân meter heech. De tinte wurdt ferwaarme, mar it publyk wurdt oanret om waarme klean oan te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)