Bygebou Amelân foar rekreaasje

24 feb 2010 - 12:01

Skuorren, garaazjes en oare bygebouwen op It Amelân meie yn gebrûk bliuwe as fakânsjehûs. Offisjeel mei it net, mar rekreatyf gebrûk wurdt wol tastien. Dat smyt geregeld problemen op. As foar in oanpassing in boufergunning nedich is, wurdt dy wegere, omdat rekreatyf gebrûk offisjeel net mei.

De partij Algemeen Belang Ameland fûn dat dat oars moast en in mearderheid yn de ried wie it dêrmei iens. Op it hiele eilân steane 150 bygebouwen dy't rekreatyf brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)